Protest tsjin sosjaal pensjon

Zienn wol yn Drachten in sosjaal pensjon begjinne
Bewenners fan de Stasjonswei yn Drachten komme yn aksje tsjin de komst fan in sosjaal pensjon yn de âlde Rehoboth Mavo. Opfangorganisaasje Zienn hat fiergeande plannen om 24 folwoeksenen yn dat pân plak te jaan.
It giet om manlju en froulju dy't troch problemen net mear selsstannich wenje kinne. Omwenners binne benaud foar oerlêst fan de bewenners en besikers. Sy fine dat sy fierstente let op de hichte brocht binne fan de plannen.