VMBO echt yn bou oan it wurk

Learlingen boukunde fan de skoalle Singelland wurde stimulearre om foar it berop boufakker te kiezen. De learlingen fan it VMBO meie om bar meiwurkje oan 25 starterswenten yn Surhústerfean. Singelland brûkt dizze bou om in ûnderwiisprojekt te ûntwikkeljen yn gearwurking mei ûnder oare de universiteit fan Twinte, ûndernimmers en de gemeente. Plattelânsprojekten stipet it projekt mei goed 25.000 euro.
It projekt spilet him foar in grut part yn de skoalle ôf, mar de learlingen geane ek nei de bou om te spikerjen, beton te stoarten en liedingen te lizzen.