Ljouwerter famke oanfallen

02 feb 2010 - 10:57

Twa jonges hawwe moandei op de Nijstêd yn Ljouwert besocht de fyts fan in 12-jierrich famke ôf te pakken. Flakby bioskoop Tivoli draafden twa jonges op har ôf. Se pakten har beet en besochten har fan de fyts te triuwen. Se rôpen dat se de fyts hawwe woene. It famke foel, mar koe de fyts beethâlde en letter útnaaie.

Neffens de plysje giet it om twa jonges fan likernôch 17 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)