Jonge oerfallen yn Frjentsjer

02 feb 2010 - 09:59

In man mei in bivakmûtse op hat moandeitemiddei in wenning oan de Marten van der Hemstraat yn Frjentsjer oerfallen. De 16-jierrige soan wie thús en seach ynienen dat de man út de keamer fan syn âlders kaam. De man rôp 'oerfal', 'oerfal' en naaide hurd út. Hy hie in jildkistke stellen mei dêryn jild, kentekenbewizen en autokaaien.

De soan warskôge de plysje. Dy hat noch mei in speurhûn nei de man socht, mar koe him net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)