Foarûndersyk nei Bak Nielsen

01 feb 2010 - 20:42

De KNVB is in foarûndersyk begûn nei de wurden fan Hearrenfeanspiler Kristian Bak Nielsen. De Deenske ferdediger hat op de website fan Sportklup Hearrenfean syn gal spuit oer skiedsrjochter Kevin Blom. Blom hie de lieding sneon by de wedstriid ADO Den Haach-SC Hearrenfean. Hearrenfean ferlear mei 2-1.

Bak Nielsen beweart op de website dat Blom de Haagse klup mei opsetsin winnen litten hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)