Imares freget deade einen

01 feb 2010 - 17:21

Wa't deade einen fynt oan de Waadkust wurdt oproppen om dat by ûndersyksynstitút Imares op Teksel te melden. Dêr binne se yn opdracht fan it ministearje fan Lânbou dwaande mei ûndersyk nei it ferbân tusken it foarkommen fan skulpbisten en trije soarten einen. It giet om deade jollings, eiders en swarte see-einen.

Mei dy trije soarten giet it net goed en der moat no útsocht wurde oft dat komt trochdat der te min fretten is op it Waad, mar ek de hiele Noardseekust.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)