Skorsingen by Hearrenfean

Jan de Jonge ien wedstryd skorst
Hearrenfean moat it tiisdeitejûn yn de wedstryd tsjin VVV-Venlo dwaan sûnder Jan de Jonge. De trainer is troch de KNVB foar ien wedstryd skorst omdat hy sneon tsjin ADO bûten syn trainersfak stapte. Skiedsrjochter Blom stjoerde De Jonge dêrfoar nei de tribune.
It ûntbrekken fan De Jonge is net it iennige probleem foar de Feansters. Der moat ek flink skood wurde yn de ferdigening fanwege skorsings foar oanfierder Michel Breuer, Daryl Janmaat en Goran Popov.