Noch soad struisâlt nedich

Frachtauto's ride hinne en wer mei sâlt
Sâltprodusint Frisa yn Harns fêstiget dizze dagen in nij rekôr. Noch noait is der sa lang safolle sâlt levere. Der wurdt sels sâlt út Dútslân helle om oan de fraach te foldwaan.
Gewoanwei leit der yn Harns in foarried fan 35.000 ton sâlt. Mar dat is troch it winterwaar allegear op. De oere wurdt 100 ton produsearre en dat giet der like hurd wer út. Dúts sâlt biedt útkomst. Fêste Frisia-klanten krije noch sâlt, nije klanten kin allinnich nee ferkocht wurde.