Cambuursupporters wer frij

01 feb 2010 - 11:46

De achttjin Cambuursupporters dy't freedtejûn oppakt waarden yn Eindhoven binne wer frij. De achttjin, yn de leeftyd fan 15 oant 30 jier, binne sneon troch de plysje heard en mochten dêrnei wer nei hûs.

De achttjin Cambuurminsken wurde fertocht fan fernielings en it smiten fan glêzen nei plysjes. It is no oan justysje om te bepalen oft se dêr ek foar ferfolge wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)