Fytssneldyk Drachten-Grins

01 feb 2010 - 10:29

Tusken Drachten en Grins moat in fytssneldyk komme. Dat fynt de VVD yn it Grinslanner Marum. De dyk moat ûnder oare fia Marum, Leek en Roden rinne. In fytssneldyk is in brede asfaltbaan mei brêgen en tunnels, mar sûnder krúspunten en stopljochten.

In fytssneldyk is benammen bedoeld foar forinzen dy't fytsend nei har wurk wolle. Der binne al sokke foarsjennings foar fytsers yn Twente en de Rânestêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)