Man fan 80 fan de dyk helle

01 feb 2010 - 09:26

De plysje hat it rydbewiis fan in 80-jierrige man út Apeldoorn ynnaam. De man ried sneintejûn hiel stadich en slingerjend oer de sneldyk by De Gordyk. Doe't er syn auto op in flechtstripe stilsette, waard er oanhâlden. De man en syn auto binne letter troch in soan ophelle.

In automobilist (44) út Follegea hat sneintejûn syn rydbewiis ek ynleverje moatten. De man waard yn Sint Nyk betrape mei tefolle drank op. Hy krige ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)