Lieuwe Westra begjint sterk

Lieuwe Westra (argyffoto)
Lieuwe Westra hat him by de earste wedstriid fan it seizoen daliks goed sjen litten. Yn de Grand Prix La Marseillaise gong de hurdfytser fan Mûnein mei twa oaren nei tsien fan de 140 kilometer op aventoer. De maksimale foarsprong soe oprinne oant seis minuten. Westra bleau it langst foarút.
Yn de lêste tsien kilometer ûnstie der in nije kopgroep fan njoggen man, sûnder Westra. De Frânsman Jonathan Hivert wûn foar Johnny Hoogerland.