NK maraton mooglik yn Súdlaren

(foto: www.knsb.nl)
It NK maraton op natueriis wurdt ein fan 'e wike op 'e Súdlaardermar ferriden as it waar it talit. Dat makket reedrydbûn KNSB bekend nei in ûndersyk fan twa lokaasjes. In marke by Emmen is ek meinaam yn it ûndersyk, mar dat is ôffallen.
It KNSB hat foar Súdlaren keazen om't it iis dêr better is. It is 16 oant 22 sintimeter tsjok. Fierders is it parkoers yn Súdlaren feiliger en oersichtliker. Inkeld teiwaar kin de tocht noch tsjinhâlde.