Cambuursupporters oppakt

31 jan 2010 - 16:08

Yn Eindhoven sitte sûnt freedtejûn achttjin supporters fan Cambuur fêst. Nei de wedstriid FC Eindhoven-Cambuur soarge de ploech foar ûnrest yn de stêd. Se soene mei glêzen nei de plysje smiten hawwe. Boppedat wurde se derfan fertocht saken fernield te hawwen yn in tún oan de Roostenlaan.

De fertochten binne tusken de 15 en 30 jier en komme út Ljouwert, Stiens, Marsum en Seisbierrum. Se sitte fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)