Dronken man beskûl yn sleat

31 jan 2010 - 14:56

In Brantgumer (21) is sneontejûn út in sleat helle dêr't er him ferstoppe foar de plysje. De jongeman hie fierste folle dronken en wie yn Boarnwert mei de auto fan 'e dyk rekke. Hy naaide út en besocht yn in sleat oan 'e plysjes te ûntkommen,

De jongeman waard dochs sjoen en meinaam nei buro. Dêr die bliken dat er in begjinnend bestjoerder is en dat syn rydbewiis earder ynnaam is foar dronken riden. Syn auto is dizze kear yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)