Drachtsters slane man yninoar

Twa Drachtsters fan 21 jier binne oppakt foar geweld. Surveillearjende plysjes waarden warskôge dat op De Drift yn Drachten in man ynelkoar slein waard. Doe't de plysje dêroan kaam, naaide ien fan de fertochten út. Flak dêrnei koe er oanholden wurde.
Op oanwizing fan it 19-jierrige slachtoffer út Grins koe dêrnei ek de twadde fertochte oppakt wurde. It duo is ynsletten op it buro. It slachtoffer hâlde in wûne oan 'e skonk fan 'e mishanneling oer.