Minskehannel nimt ta

31 jan 2010 - 13:17

Yn Fryslân nimt it tal slachtoffers fan minskehannel ta. De jonge manlju en froulju út Afrika, East-Europa en oare earme gebieten wurde no net inkeld mear ynset yn 'e seksyndustry, mar ek yn 'e bou, de glêstúnbou, de hoareka en sels yn 'e húshâlding. De slachtoffers wurde hjirhinne lokke en dan ferkocht oan bedriuwen of partikulieren. Om hoefolle oft it giet witte de saakkundigen net, mar der hawwe har it ôfûne jier fytich oanmeld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)