Poly fan sikehûs op 'e Lemmer

31 jan 2010 - 13:10
Tsjongerskâns It Fean iepenet poly op 'e Lemmer

De poliklinyk op 'e Lemmer fan sikehûs De Tjongerskâns giet moandei iepen. Ferskate spesjalisten hâlde dêr sprekoere. It giet dan ûnder oare om kardiology, gynaekology, dermatology, neurology en eachhielkunde.

Fierders sit der in konsulinte foar astma by bern en kin der bloed ôfnommen wurde. De offisjele iepening is op freed 12 febrewaris. De oare deis is der in iepen dei.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)