Lêste dei top 100-temakanaal

31 jan 2010 - 12:56

De proef mei in twadde radiostjoerder fan Omrop Fryslân op ynternet is snein ôfrûn. Dêrop wiene de nûmers fan 'e top 100 te hearren dy't earder op 'e reguliere radiostjoerder fan Omrop Fryslân spile waarden. It eksperimint mei it temakanaal is slagge. De omrop tinkt nei oer in ferfolch. Dat kin bygelyks in kanaal mei oare muzyk wêze of ien oer it Oerolfestival.

De proef is op âldjiersdei út ein set en hat in moanne duorre. It temakanaal wie te ûntfangen op www.omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)