Bern krije natuerlessen

31 jan 2010 - 10:45

Basisskoallebern yn Tytsjerksteradiel krije tenei lessen oer de natuer en it miljeu yn it besikerssintrum fan Nationaal Park de Alde Feanen yn Earnewâld. It Fryske_Gea en de gemeente Tytsjerksteradiel ûndertekenje moandei de oerienkomst natuer- en miljeu-edukaasje.

Doel is om bern mear yn kontakt te bringen mei de natuer. De gemeente stelt jild beskikber om de kommende fjouwer jier in natuer- en miljeukoördinator oan te stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)