Aris 'spektakelt' yn Nijmegen

De winnende ploech
De Friesland Aris hat sneontejûn mei ien punt ferskil de wedstriid yn en tsjin Nijmegen wûn. Nei ferlinging waard it 101-100 foar de Ljouwerters. Op 'e stân 99-101 mocht Nijmegen noch twa frije ballen nimme. De earste gong deryn (100-101), de twadde waard mei opsetsin mist, mar it smiet ek balferlies op foar de thúsploech. De stannen fan de kwarten: 20-22, 24-19, 17-27, 32-25 en yn de ekstra tiid 7-8.
Aris hat no alve wedstriden wûn en ek alve ferlern. De ploech stiet sechsde.