Gearwurking apteek Hearrenfean

31 mrt 2012 - 11:14

De Dienstapotheek Heerenveen en de poliklinyske apteek fan sikehûs de Tjongerskâns op it Hearrenfean binne fuseard. Se geane fierder ûnder de namme De Tjonger. De beide apteken wurken al langer gear. Minsken kinne by de apteek terjochte foar medisinen en foarljochting. Dêrfoar is in lokaasje yn it sikehûs 24 oeren deis beskikber.

(advertinsje)