Bergsma wint op Weissensee

30 jan 2010 - 13:35

Jorrit_Bergsma hat sneon op de Weissensee de alternative alvestêdetocht wûn. Nei 200 drege kilometers wie de ynwenner fan Aldeboarn yn de finale de sterkste. Yn de lêste 25 kilometer ûntstie in kopgroepke fan fjouwer man: Bergsma, Jens_Zwitser, Douwe_de_Vries fan It_Hearrenfean en Arjen_Becker.

Bergsma naaide yn de lêste fiif kilometer út, Zwitser kaam noch sterk werom, mar Jorrit_Bergsma kaam dochs in pear meter earder oer de streek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)