Himpkwekerij yn Akkrum

30 jan 2010 - 13:01

De plysje hat freedtemoarn oan de Sinnebuorren yn Akkrum in himpkwekerij leechhelle. Nei oanlieding fan tips wie de plysje it hús yngien. Op twa sliepkeamers stiene in lytse 400 planten.

De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige. De 42-jierrige bewenner fan it hûs wie op it momint fan 'e aksje net thús. Hy is letter oanhâlden en wurdt no foar mear ûndersyk op it plysjeburo fêsthâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)