Fries mishannele yn Grins

30 jan 2010 - 12:35

De plysje fan Grinslân is op syk nei tsjûgen fan in slimme mishanneling fan in man út Broek. De ynwenner (20) fan dat plak waard âldjiersnacht yn in kroech yn it sintrum fan Grins mei in glês yn syn gesicht slein. Dat barde doe't er in foto makke fan trije dûnsjende froulju. In ûnbekende sloech him dêrnei mei it glês.

De Fries hie in skuord hoarnflies en in slimme ferwûning yn 'e nekke. Hy moast nei it sikehûs. De dieder is noch hieltyd net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)