Kim Stolker 2e yn Popstars

30 jan 2010 - 08:34

Kim Stolker fan De Gordyk is freed twadde wurden yn it programma Popstars. Op 'e Gordyk waard manmachtich meilibbe mei Kim, dy't bot lêst fan har stim hie. Mar ek mei dy stimproblemen waard se dochs noch twadde. Der wiene freed noch fjouwer finalisten oer, dy't ien foar ien ôffoelen. Uteinlik wiene Kim en Wesley noch tegearre oer. Wesley Klein waard de winner fan it programma.

Hy mei in single útbringe en mei trije jûnen mei de Toppers meisjonge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)