Kreakster Skylge ferhuzet

29 jan 2010 - 21:55

De kreakster fan West-Skylge hat tydlik nije wenromte. It giet om in hûs by kristlike basisskoalle it Jok, dat se oant july hiere kin.

Sandra Schneijder moast har wenning oan de Boargemaster Heusdenwei foar 1 febrewaris ferlitte om't it eigendom is fan de gemeente. De frou luts dêr oardel jier lyn yn, doe't se nei in skieding sûnder wenromte kaam te sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)