Twa jier sel foar hasjsmokkel

De hasj wurdt fan board helle
Gefangenisstraffen fan sawat twa jier binne freed easke tsjin twa mannen út Surch en Mullum. De manlju wurde derfan fertocht dat se ferline jier tsientûzen kilo drugs fanút Marokko nei Nederlân smokkele hawwe. Justysje sprekt fan in krimineel gearwurkingsferbân yn de hasjsaak, mei in grutte rol fan de Friezen.
De pakketten hasj binne ôfrûne simmer boppe Skylge fan it skip op trije sylboaten ferdield. Ien dêrfan waard pakt mei 3400 kilo oan board.