Twa rintochten yn SW-Fryslân

31 mrt 2012 - 11:08

Súdwest-Fryslân organisearret ein april de Nationale Sportweek Loop. Op de earste dei, 25 april, kinne kuierders, nordic walkers en hurddravers fan Makkum nei Boalsert. De twadde dei, 26 april, giet it fan Boalsert nei Snits. De gemeente hâldt de tocht yn it ramt fan de Nationale Sportweek, dy is fan 21 oant en mei 28 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)