Bouwmeester sakket op ranglist

29 jan 2010 - 16:28

By de twadde wrâldbekerwedstriid fan dit seizoen yn Biscaine Bay yn Miami is Marit Bouwmeester yn de Laser Radial klasse yn de achtste race teloarstellend as 23ste einige. Yn it algemien klassemint stiet de Friezinne no op it sânde plak. Broer Roelof stiet yn de Laser klasse op it 26ste plak.

It sylteam mei Brechtje van der Werf út Snits is útskeakele. Sy binne der net yn slagge troch te dringen ta de kwartfinales fan it matchracen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)