Dochs jild foar doarpshûs

It doarpshûs baarnde yn 2007 ôf
Trije fersekeringsmaatskippijen keare dochs jild út nei de brân yn doarpshûs De Beijer yn Rinsumageast. Yn oktober 2007 baarnde it multyfunksjonele sintrum folslein ôf.
It gebou wie foar in lytse miljoen euro fersekere, mar de maatskippijen woene net útkeare omdat de brân ûntstien wie nei in flater fan in frijwilliger. Dy lege in jiskepanne yn in plastik jiskebak dy't dêrnei yn 'e brân fleach. In kwart fan it fersekere jild wurdt no dochs útbetelle.