Soad deade fûgels foar museum

29 jan 2010 - 15:37

It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert krijt dizze winter in protte deade fûgels. Oare winters ek wol, mar dit jier binne it in stik mear. De bisten wurde earst ynferzen. De moaiste eksimplaren wurde dêrnei ree makke om yn it museum te stean. De rest wurdt foar wittenskiplik ûndersyk brûkt.

Troch de strange winter binne der dit jier ek in pear hiel bysûndere fûgels by it museum brocht: ûnder oare in grutte wite reager, in wetterhintsje en in haarsnip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)