Gjin amateurfuotbal dit wykein

29 jan 2010 - 15:16

De KNVB hat foar sneon en snein alle wedstriden yn it amateurfuotbal ôfsein. Ek de lanlike kompetysjes, de haadklassen, komme net yn aksje.

By de profs gean de measte wedstriden oant no ta troch. Yn de earste divyzje binne no trije wedstriden ôfsein. De wedstriid Eindhoven-Cambuur wurdt gewoan spile. Fansels kinne jo freed alles oer dizze wedstriid hearre op Omrop Fryslân Radio.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)