Ofskied boargemaster Brok

29 jan 2010 - 14:01

Boargemaster Brok fan Snits hat freed by syn ôfskie in CdK-penning krigen fan kommissaris John Jorritsma. In CdK-penning wurdt allinnich by hege útsûndering útrikt. De ûnderskieding is bedoeld foar minsken dit har jierrenlang ynset ha foar Fryslân.

Brok hat yn Fryslân ferskate bestjoersfunksjes hân. Dêrneist hat er him ek sterk makke foar de Fryske taal. Sa pleite Brok yn it ferline foar in Fryske ynstjoering foar it Eurovisy sjongfestival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)