B'him net mear yn marreprojekt
Boarnsterhim lûkt him grutdiels werom út it Fryske Marreprojekt. It slagget de gemeente net om de lêste 2,1 miljoen euro op it kleed te bringen. Earder waard de finansjele bydrage fan de gemeente al werom brocht fan 5,5 nei 4,5 miljoen euro. Dêrfan is 2,4 miljoen euro al útjûn. It jild is op.
De provinsje sil in diel betelje, mar net alle projekten kinne trochgean. Dêrom wurdt allinnich ynset op de Sylsbrêge yn Jirnsum en oanpassings oan it wetterfront fan Grou.