Greidefûgel bliid mei sompelân

31 mrt 2012 - 10:58

De hiel droege perioade liket oer te wêzen; de greidefûgels op it lân fan boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken ha al in skoft neat te kleien. Miedema is al betiid begûn mei it splis setten fan in part fan syn lân en om it hege wetter yn de groppen hinne hat hy dizze wike al 80 skriezen teld. Hy hat ek noch lân dêr't pas meand wurdt at de piken der omrinne. Neffens Miedema is soks yn syn gefal goed te kombinearjen mei in yntensive feehâlderij.

Trefwurden: 
greidefûgel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)