Kaya is Jonge Amtner 2010

28 jan 2010 - 23:15

Amtner Ömer Kaya fan de gemeente Ljouwert is ferkeazen ta Jonge Amtner fan it jier 2010. Hy hat de priis wûn om't er wurket mei moderne media as facebook en twitter. Ek hat er it inisjatyf naam om fia filmkes diskusjes te fieren.

Kaya is troch de Feriening Nederlânske Gemeenten útkeazen út alve kandidaten. Hy hat ek de publykspriis wûn. Kaya is hikke en tein yn Snits, dêr't er riedslid is foar de PvdA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)