Smellingerlân krijt kanon

Hoe is Drachten eins ûntstien?
Smellingerlân krijt syn eigen kanon. Yn 31 finsters wurdt de skiednis fan dizze gemeente ferteld. De kanon is foaral bedoeld foar bern, omdat it belangryk is dat dy wat fan de skiednis fan har eigen omjouwing witte, sizze de inisjatyfnimmers.
Skriuwer Rink van der Velde komt der yn foar. Mar ek de Van Haarsma's. De earste reginten fan Smellingerlân, dat doe fansels noch net sa hiet. Ek wurdt it ûnstean fan Drachten beljochte. Dat wie al yn 1641.