Tekoarten troch gastâlders

28 jan 2010 - 21:03

Fryske gemeenten hâlde no al rekken mei in begruttingstekoart fan tsientûzenen euro's oer 2010. Dat komt troch in feroaring yn de wet op de berne-opfang.

It Ryk hat de ferantwurdlikheid foar de kontrôle op gastâlders by de gemeenten dellein. Dy ha dêr wol jild foar krigen, mar dat is lang net genôch seit Kees Feenstra fan de Vereniging Fryske Gemeenten. Want de gemeente krijt der in soad ekstra wurk by. It Ryk soe dat betelje moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)