Fernuvering oer kenniscampus

Komst 240 studintewenten faai
De direksje fan de kenniskampus Ljouwert is bot fernuvere oer it skrassen fan 240 studintewenten troch wenningkorporaasje WoonFriesland. De korporaasje makke woansdei bekend dat se de wenten op de kampus net mear bouwe sille fanwege jildkrapte.
Neffens direkteur Paul van Sliedrecht kin dat hielendal net. Der binne ôfspraken makke oer de bou. De wenten binne neffens Van Sliedrecht hiel wichtich foar de kampus en ek WoonFriesland wie oant no ta entûsjast.