Stankoerlêst by Viando

Ynwenners fan Feanwâlden kleie oer stankoerlêst fan hûne- en kattefoerprodusint Viando. It fabryk hat nei it fallisemint in skoft stilstien. Nei't it oernaam is troch Teeling petfood yn Hoogeveen is de produksje sûnt novimber wer opstart. Doe kamen ek de earste klachten.
De direksje seit dat der problemen wiene mei de reekynstallaasje mar dat hurd wurke wurdt om dat wer klear te krijen. De ferwachting is dat de oerlêst gau oer wêze sil.