Drugsfertochten foar rjochter

Acht mannen moatte harren tongersdei en freed foar de rjochter ferantwurdzje foar ien fan de grutste drugstransporten dy't ea op it Waad plakfûn hat. Under har ek twa Friezen.
Ferline jier waard by Koarnwertersân in sylboat mei 3400 kilo hasj ûnderskept mei in strjitwearde fan mear as 30 miljoen euro. De drugs wiene oerset fan in skip op trije sylboaten. Yn totaal gie it om 10.000 kilo drugs, wêrfan hast 7000 kilo dus net oantroffen is.