Bestimmingsplan ferneatige

28 jan 2010 - 10:57

De Raad fan State hat it bestimmingsplan foar de nije soarchkampus De Wingerd by Damwâld ferneatige. Under oare miljeudefinsje hat beswier tsjin it plan makke. De Raad van State fynt dat mear ûndersyk dien wurde moat nei lûdsoerlêst en effekten op de luchtkwaliteit as de Sintrale As net oanlein wurdt. Mooglik wurdt it dan drokker yn de Hoofdweg.

It beswier tsjin it floara- en faunaûndersyk foar de bou is net honorearre troch de Steatsrie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)