Warskôging foar glêdens

28 jan 2010 - 07:48

Nei de ûngelokken troch de glêdens woansdeimiddei en -jûn wiene der tongersdeitemoarn gjin bysûnderheden op de Fryske diken. Fannacht binne der twa ûngelokken bart yn Grou en Bakkefean. Der rekke nimmen ferwûne, it bleau by skansearre auto's. De trochgeande diken wiene fannemoarn goed begeanber om't der goed struid is.

Op lokale diken kin it noch wol glêd wêze. Ek yn de rin fan de dei kin it troch winterske buien glêd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)