Oanbesteging ôffal hoecht net

27 jan 2010 - 21:27

De gemeente Ljouwert hoecht it opheljen fan smoargens net iepenbier oan te besteegjen, om sa konkurrinten fan ôffalbedriuw Omrin in kâns te jaan. Dat is de útspraak fan de rjochter yn in saak dy't oanspand wie troch Sita en Van Gansewinkel.

Dy partijen fûnen it net terjochte dat de gemeente samar in kontrakt mei Omrin sletten hie, mar neffens de rjochter mocht dat wol, omdat de ôffalynsammeling eins noch gewoan yn gemeentelike hannen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)