H. de Roos út Kameleonmuseum

27 jan 2010 - 16:21

Yn it Kameleonmuseum yn Terherne binne de oantinkens oan skriuwer Hotze de Roos net mear te sjen. De Stichting Hotze de Roos hat it boarstbyld en persoanlike eigendommen fuorthelle út de museumpleats. Sûnt dit jier is it Kameleonattraksjepark opsplitst yn twa bedriuwen.

Ien bedriuw is ferantwurdlik foar it Kameleoneilân en de rûnfearten en it oare is de eigner fan de pleats. Binnen de nije plannen foar dy pleats is minder plak foar de Kameleon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)