WoonFriesland út nijbouprojekt

WoonFriesland lûkt him werom út nijbouprojekten. In tal oare bouprojekten wurde foarearst stillein. It giet om de bou fan 240 studintewenten yn Ljouwert en fjirtjin startershuzen yn Harns.
De korporaasje hat minder jild om te ynvestearjen troch de ynfiering fan ekstra belestings. Ek is it dreech jild te lienen foar nijbouprojekten. Wol wurdt 222 miljoen euro stutsen yn it opknappen fan hierhuzen en nijbouprojekten dy't al trochgeane.