Knegt mei faker ride op OS

Shorttracker Sjinkie_Knegt mei op de Olympyske Spelen faker yn aksje komme. Hy mei op mear ôfstannen ride as dêr't er him foar kwalifisearre hat. Knegt mocht earst allinne op de tûzen meter ride. Mar NOC*NSF hat him tastimming jûn om ek op de 500 en de 1500 út te kommen.
De Bantegeaster mist de iepening fan de Spelen op 12 febrewaris. Hy moat de dei dêrnei al ride en dêrom jout sjef de misjon Henk Gemser him gjin tastimming om by de iepening te wêzen.