PM-kanaal wurdt útdjippe

27 jan 2010 - 14:28

Fan begjin febrewaris ôf wurdt wer wurke oan fierdere ferromming en ferdjipping fan it Prinses Margrietkanaal. Ek de wâlskanten en kaaien wurde ferbettere. It giet om it kanaal tusken de Grutte Brekken en de Kûfurd.

De wurksumheden duorje oant oktober dit jier. It kanaal is nei it wurk ek geskikt foar gruttere skippen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)