Stroetinga tred op Weissensee

27 jan 2010 - 13:32

Sjoerd Huisman is op de Weissensee yn Eastenryk iepen Nederlânsk kampioen wurden oer 100 kilometer. Yn de massasprint wie de reedrider fan Andijk krekt rapper as Ingmar Berga fan Hoogeveen en Arjan Stroetinga fan Waskemar. Goed in wike lyn wie de folchoarder op it NK op keunstiis yn Amsterdam krekt oarsom.

By de froulju waard Carla Zielman út Stienwikerwâld nei 60 kilometer de kampioene. Daniëlle Bekkering wie de twadde yn de sprint, Mariska Huisman 3e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)